Songs of Leonard Cohen is it earste album fan de Kanadeeske sjonger Leonard Cohen. It album ferskynde yn desimber 1967 by Columbia Records ûnder produsint John Simon.

Alle nûmers op it album binne fan de hân fan Cohen. De sobere poëtyske styl dy't Cohen op syn earste album hantearre, soe syn hannelsmerk wurde.

It iepeningsnûmer wie troch de artysten Judy Collins en Noel Harrison al ta in hit makke, foardat it album fan Cohen útkaam. Yn Nederlân is Suzanne ekstra bekend wurden troch de útfiering fan Herman van Veen.

Spyllist nû. titel skriuwers doer1.SuzanneLeonard Cohen3:482.Master SongCohen5:553.Winter LadyCohen2:154.The Stranger SongCohen5:005.Sisters of MercyCohen3:326.So Long, MarianneCohen5:387.Hey, That's No Way to Say GoodbyeCohen2:558.Stories of the StreetCohen 4:359.TeachersCohen3:0110.One of Us Cannot Be WrongCohen4:2311.(bonusnûmer)Store RoomCohen5:0612.(bonusnûmer)Blessed Is the MemoryCohen3:03

Keppeling om utens It album op leonardcohen.com (mei de platehoes en alle teksten)

Kategory:Muzikaal wurk fan Leonard Cohen Kategory:Album út 1967 Kategory:Folksmuzykalbum Kategory:Popalbum Kategory:Ingelsktalich album