TUI Airlines Nederlân, better bekend ûnder de hannelsnamme Arke, is in Nederlânske loftfeartmaatskippij dy't sawol sjarter- as feste flechten útfiert, benammen nei fakânsjebestimmings. It haadkertier fan it bedriuw stiet yn 'e neite fan Skiphol, de grutste lofthaven fan Nederlân. Tegearre mei fiif oare loftfeartmaatskippijen foarmet Arke de TUI Airlines-groep, de grutste ferfierder fan fakânsjegongers fan Europa.

Oktober 2015 sil de loftfeartmaatskippij Arke definityf omneamd wurde ta TUI Airlines Nederlân. De namme Arke ferdwynt dêrmei út it loftfeart- en toerismelânskip.

Float De float fan Arke bestiet april 2015 út 9 fleanmasines. Fleanmasine Tal Stuollen Boeing 737-800 5 189 Boeing 787-8 3 291 Boeing 767-300ER 1 283

Keppeling om utens Offisjele webside fan TUI Airlines Nederlân

Kategory:Nederlânske loftfeartmaatskippij Kategory:Bedriuw oprjochte yn 2005