The Legend of Tarzan is in Australysk-Britsk-Amerikaanske histoaryske fantasy-aventoerefilm út 2016 ûnder rezjy fan David Yates, mei yn 'e haadrollen Alexander Skarsgård as Tarzan en Margot Robbie as Jane. De titel betsjut "De Leginde fan Tarzan". De film is basearre op 'e Tarzan-ferhalen fan 'e Amerikaanske skriuwer Edgar Rice Burroughs. It ferhaal folget Tarzan en Jane by harren weromkear nei Afrika, dêr't se op útnûging fan 'e Belgyske kening Leopold II de Kongofrijsteat, syn persoanlike koloanje, besichtigje sille. It blykt lykwols in falstrik te wêzen: Leopold hat ferlet fan jild en longeret op 'e diamantminen yn it gebiet dat behearske wurdt troch it Afrikaanske stamhaad Mbonga. Dyselde hat foar syn meiwurking de útlevering fan Tarzan easke. The Legend of Tarzan krige mingde oant negative resinsjes fan 'e filmkritisy. Hoewol't de film it goed die yn 'e bioskopen, wie de opbringst omreden fan it blastige budget net genôch om 'e belutsen filmstudio's fan in ferlies te rêden.

Plot Op 'e Kongokonferinsje fan 1884-1885 yn Berlyn wurdt it streamgebiet fan 'e rivier de Kongo, yn Sintraal-Afrika, fierhinne tawiisd oan 'e Belgyske kening Leopold II, dy't it gebiet neitiid yn personele uny mei Belgje regearret as de Kongofrijsteat, dat in persoanlike besitting fan him is. Omreden fan 'e oanlis fan in spoarline en ferskate oare djoere ynfrastrukturele projekten is Leopold twongen en slút ûnbidige lienings ôf foar de finansiering fan syn nije lân. Hy stjoert dêrop syn persoanlike gesant Léon Rom nei de Kongofrijsteat ta, dêr't dyselde de legindaryske diamantminen fan Opar feilichstelle moat. De militêre ekspedysje fan Rom wurdt lykwols yn in mûklaach lokke en ôfslachte. Inkeld hysels oerlibbet dat barren. Mbonga, it stamhaad dat de krite fan Opar behearsket, wol mei him hantsjebakke: de diamanten yn ruil foar de útlevering fan syn aartsfijân, Tarzan.

De man dy't ienris Tarzan neamd waard, hat Afrika lykwols acht jier lyn al ferlitten en is nei Ingelân weromkeard om him te fêstigjen op it lângoed fan it aadlike laach dêr't er út stammet. As John Clayton III, 5e greve fan Greystoke, besiket er dêre no in nij bestean op te bouwen mei syn Amerikaanske frou Jane Porter, de dochter fan in sindeling en skoalmaster, dy't yn Afrika opgroeid is. Hy wol syn Afrikaanske ferline efter him litte, mar dat falt noch net ta, want sûnt syn weromkear is it ferhaal fan "Tarzan fan 'e Apen" wrâldferneamd wurden. Kening Leopold II stjoert fia de Britske premier Robert Gascoyne-Cecil, 3e markys fan Salisbury, in útnûging oan Clayton om nei de havenstêd Boma te reizgjen, yn 'e Kongofrijsteat, sadat er dêr de foarútgong besichtigje kin dy't ûnder it bestjoer fan Leopold plakfûn hat. Clayton beskôget dat lykwols as in publisiteitsstunt en betanket foar de ear.

George Washington Williams, de negroïde gesant fan 'e Amerikaanske presidint Benjamin Harrison, betrout oan Clayton syn fermoedens ta dat Leopold yn 'e Kongofrijsteat de slavernij ynfierd hat foar de lânseigen befolking, mei as doel om genôch arbeiders foar de rubberplantaazjes te besetten dy't him by steat stelle sille om fan it gebiet in winstjaande ynvestearring te meitsjen. Hy seit ferlet te hawwen fan Clayton syn meiwurking oan 'e útnûging fan Leopold, om sels de Kongofrijsteat binnenkomme te kinnen, sadat er dêr mei eigen eagen sjen kin wat der geande is. Mei dat argumint wit er Clayton te bepraten om dochs nei Afrika ôf te reizgjen. As Jane, dat heart, is se alhiele feringele om "nei hûs" te gean en har freonen werom te sjen. Clayton besiket har dúdlik te meitsjen dat se net mei kin om't it te gefaarlik is, nammenste mear mei't Jane koartby in miskream krigen hat. Sy leit har dêr net by del en stumet krekt sa lang oant har man tajout.

Clayton, Jane en Williams reizgje per skip nei de Kongofrijsteat, dêr't se har lykwols oan lân sette litte ear't it skip yn 'e haven fan Boma arrivearret. Rom en syn hierlingen, dy't yn Boma wachtsje om Tarzan yn 'e hechten te nimmen, komme sadwaande bedragen út. It trijetal reizget geandefoets oer lân nei it ynlânske doarp dêr't Jane opgroeid is. Dêre wurde se ferwolkomme troch Muviro, it stamhaad fan 'e Kûba, dy't Jane as in dochter beskôget, en moetsje se ferskate oare freonen, lykas de jonge kriger Wasimbu en dy syn frou Eshe.

Wylst it doarp dy jûns feest fiert om 'e weromkear fan harren âlde freonen, leit Jane oan Williams út dat Tarzan oarspronklik troch de Afrikaanske stammen fan it gebiet beskôge waard as in kweageast. Yn flashbacks wurdt it ferhaal fan 'e jonkheid fan Clayton fertelt: de skipbrek dy't syn âlden, John II en Alice Clayton yn dit diel fan Afrika strânje liet, it ferstjerren fan Alice oan sykte, de dea fan John doe't er deaslein waard troch Kerchak, de oanfierder fan 'e Mangani-gorilla's, en hoe't harren poppe dêrnei oannommen waard troch it gorillawyfke Kala, dy't Tarzan grutbrocht tegearre mei har biologyske soan Akut. De jonge Jane rôp by de opgroeiende Tarzan grutte nijsgjirrigens op, oant er himsels foar it earst oan har sjen liet doe't se mei de bern út it doarp yn it oerwâld oan it sideplakboartsjen wie. Dyselde deis rêde er har libben doe't se oanfallen waard troch Kerchak, mei as gefolch dat de gorillalieder ynstee him in wan bruien joech dat him op in hier nei deadie. Jane ferplege him yn it doarp oant er wer opbettere.

Underwilens is Rom mei syn hierlingen op 'e rêdboat de Adelaar oer de rivieren nei it doarp fan Muviro fearn. Nachts as eltsenien sliept, oerfalle se it doarp, wêrby't Rom Muviro deasjit en Clayton finzen nimt. Ek Jane wurdt finzennommen, krekt as Wasimbu en in stikmannich oare jongemannen, dy't ta slaaf makke wurde om foar Rom-en-dy as drager te tsjinjen. Wylst de hierlingen mei harren finzenen weromkeare nei de boat, wurde se lykwols oanfallen troch de restearjende Kûba-krigers ûnder lieding fan Williams, dy't bewapene is mei fjoerwapens. De Amerikaan sjit ferskate hierlingen dea, wêrnei't de rest op in stuit it hazzepaad kiest, mei efterlitting fan in stevich fêstbûne Clayton. Rom-en-dy ûntkomme op harren boat mei Jane en de negerslaven. Dêr makket Rom oan Jane bekend dat de hiele útnûging in falstrik wie om Clayton nei de Kongo te lokjen, sadat er Tarzan útleverje kin oan Mbonga. No't Tarzan him troch de fingers glûpt is, wol er Jane as lokies brûke, want hy is der wis fan dat har man efter har oan komme sil.

Clayton, dy't nei it ferlies fan Jane stadichoan wer ferfalt nei syn eardere ferwyldere steat as Tarzan, siket himsels mei Williams en de Kûba-krigers in paad troch it oerwâld nei de nije Belgyske spoarline. Se interje in foarbykommende trein en nei in koart, fûleindich gefjocht oermasterje se de militêren fan 'e Kongofrijsteat dy't dêrmei ûnderweis binne. Neitiid ûntdekke se dat de trein ek in grut tal Kongoleeske negerslaven ferfiert. In Belgyske yngenieur langet harren syn hiele boekhâlding oer, wêryn't it troch Leopold goedkarde plan fan Rom fêstlein is om 'e lânseigen befolking foar alderhanne doel as slaven yn te setten en in reuseftige legermacht fan 20.000 hierlingen oan te lûken om elts ferset yn bloed te smoaren. De diamanten fan Opar foarmje de kaai foar alle plannen. De Kongofrijsteat is frijwol fallyt en kin inkeld mei de diamanten de hierlingen betelje dy't nedich binne foar de folsleine ûnderwerping fan it lân. Mei de boeken hat Williams no it bewiismateriaal dêr't er ferlet fan hie om it skrikbewâld fan kening Leopold yn 'e Kongofrijsteat oan 'e kaak te stellen.

Tarzan en Williams drage de Kûba-krigers op om 'e slaven op 'e trein frij te litten en derfoar te soargjen dat de boeken it lân útsmokkele wurde en nei Londen ta stjoerd wurde, dêr't se yn ûntfangst nommen wurde sille troch de 3e greve fan Greystoke, Tarzan syn pake. Sels reizgje se fierder troch it oerwâld om Rom syn rêdboat yn te heljen. Dêrfoar moatte se troch it territoarium fan 'e Mangani-gorilla's, dy't no oanfierd wurde troch Tarzan syn pleechbroer Akut. Dyselde beskôget him as in ôffallige, en Tarzan moat him befjochtsje foar it rjocht om troch syn territoarium te gean. Yn harren gefjocht jout de folle gruttere, fluggere en sterkere Akut him in flink wan bruien, oant foar eltsenien dúdlik is wa't hjir it dominante mantsje is. Wylst Williams letter Tarzan syn wûnen fersoarget, bychtet er op dat er dreaun wurd troch skuldgefoelens. Nei't er yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch tsjin 'e Konfederearre Steaten fan Amearika fochten hie, waard er in hierling, en as sadanich focht er yn Meksiko tsjin 'e Frânske besetting en letter foar de Feriene Steaten yn 'e Amerikaanske Yndiaanske oarloggen. Wat Rom en Leopold mei de Kongolezen dwaan wolle, ferskilt neffens Williams net sa folle fan wat de Amerikanen mei de Yndianen dien hawwe.

Underwilens witte Jane en Wasimbu oan Rom-en-dy te ûntsnappen troch oerboard te springen en nei de wâl te swimmen. Om't se wit dat Rom efter har oan komme sil, stjoert Jane Wasimbu by har wei om help te heljen. Har flecht troch it oerwâld einiget as se yn it fermidden fan in troep mangani-gorilla's bedarret. Dêrtroch kinne Rom en syn hierlingen har byhelje en op 'e nij finzen nimme. De driigjende sitewaasje mei de gorilla's rint út op in slachting as ien fan 'e senuweftige hierlingen by fersin de trekker oerhellet en in gorilla deasjit. De hierlingen rjochtsje in bloedbad mank de apen oan, mar Tarzan, dy't op it leven ôfkomt, rêdt Akut sels fan 'e dea. Dêrnei beslûpe Akut en de troch skea en skande wiis wurden leden fan syn troep de hierlingen en deadzje gâns fan harren op har weromtocht nei de Adelaar.

Rom bejout him nei Opar, dêr't er in kiste fol diamanten fan Mbonga kriget nei't er dyselde derfan bewissige hat dat Tarzan him op 'e hakken sit. As Tarzan yn 'e rotsdelling fan Opar arrivearret, wurdt him it paad tichtset troch Mbonga en al syn krigers, wylst er efter harren gewaarwurdt hoe't Jane troch Rom-en-dy wer oan board fan 'e rêdboat sleept wurdt. Hoewol't er fier yn 'e minderheid is, falt er Mbonga-en-dy oan. Yn it gefjocht wurdt troch de wurden fan Mbonga en Tarzan en in flashback dúdlik makke dat it stamhaad Tarzan hatet om't dyselde syn ienlingssoan deamakke hat. It folk fan Mbonga hie it nammentlik foar de moade om by wize fan oergongsritueel fan it man-wurden de jonges derop út te stjoeren om in Mangani-gorilla te deadzjen, en de soan fan Mbonga deade Kala, de mem fan Tarzan. Ut wraak kaam dy him doe tenei en sloech him dea. Tarzan wurdt Mbonga yn it gefjocht oermânsk, mar sparret syn libben. De oankomst fan Akut en de oare gorilla's, dy't Tarzan rêchdekking biede, komt foar dat Tarzan troch Mbonga syn krigers ombrocht wurdt. Der ûntstiet in ympasse, dy't Williams de kâns jout om 'e oanwêzigen wat sûn ferstân oan te praten en derop te wizen dat Léon Rom en syn hierlingen hjir de mienskiplike fijân fan eltsenien binne.

Rom nimt Jane en de diamanten mei werom nei Boma, dêr't er in legerke fan 1.000 hierlingen gearlutsen hat. Foar de kust leit in float mei nochris 20.000 man te wachtsjen oant Rom de betelling yn diamanten oan 'e korrupte bankier Frum foldien hat. Tarzan, Williams, Mbonga, Wasimbu, krigers fan ferskate stammen en Akut en syn gorilla's binne Rom lykwols nei Boma folge. Mei help fan in troep liuwen jaget Tarzan in reuseftige keppel gnoes op 'e rin, dwers troch it kamp fan Rom syn hierlingen en de gebouwen fan Boma hinne. De havenstêd wurdt folslein ferwoastge en gâns hierlingen komme om. It slagget Rom om mei guon oaren en de finzen Jane te ûntkommen nei de haven, dêr't Jane troch Williams en Tarzan rêden wurdt. Rom set mei syn rêdboat de see op om 'e kiste mei diamanten by Frum te bringen, mar Williams bemannet in efterlitten masinegewear yn 'e haven en trochsingelet de boat mei kûgels, dat er begjint te sinken.