Sikke de Vries (Harns, 1 novimber 1888 - dêre, 27 desimber 1969) wie in Frysk keatser.
de Vries helle 85 punten foar it ivich keatsklassemint. Yn 1912 wûn er mei Sybolt Meyes Tigchelaar fan Dronryp en Rinse Jan Hendrik Brink fan Easterlittens de foar de earste kear de PC. Trije jier letter soe er foar de twadde kear de PC winne dizze kear tegearre mei de Frjentserters Hendrik van Haitsma en Jacobus Jellema, Sikke de Vries waard ta kening útroppen. Yn 1916 soe er ek noch ris twadde wurde op de PC.
De karriêre fan De Vries kaam ta in ein trochdat syn skouder net optimaal funksjonearre. Sikke de Vries ferstoar op 27 desimber 1969 yn de âldens fan 81 jier.
Prizen 1912 - PC 1e priis 1913 - de Bond 3e priis 1915 - PC 1e priis 1916 - de Bond 1e priis 1916 - PC 2e priis 1917 - de Bond 2e priis 1919 - de Bond 6e priis
Kategory:Frysk keatser Kategory:PC kening Kategory:Persoan berne yn Harns Kategory:Persoan stoarn yn Harns Kategory:Persoan berne yn 1888 Kategory:Persoan stoarn yn 1969