De langsnaffelwilster (Thinornis placidus) is in waadfûgel út de famylje fan 'e wilsterfûgels (Charadriidae).
Ferskining thumb|left|Winterkleed. De langsnaffelwilster is in middelgrutte wilster fan 19 oant 21 sm. Mantsjes en wyfkes ha frij effen griisbrúne boppedielen mei in wite búk en in wite kiel. De foarholle is wyt mei fan it iene each nei it oare each in swarte bân. De eagen ha in giele ring en in wite wynbraustreek. It wite plak op 'e foarholle rint troch oant de basis fan 'e snaffel. Under de kiel is in swarte boarstbân. It mantsje en wyfke ha in soad fan inoar, mar yn it briedkleed binne in pear ferskillen dy't helpe kinne om de skaaien fan inoar te ûnderskieden. De swarte bân op 'e foarholle en it boarst fan it mantsje is breder en dúdliker as dy fan it wyfke. Dêrnjonken rint de wite eachstreek fan it mantsje fierder efter it each troch as dy fan it wyfke. Juvenilen ha in soad fan folwoeksen fûgels, mar misse de donkere bân fan folwoeksen fûgels op 'e foarholle. De boarstbân fan juvenilen is smeller en minder skerp as dy fan folwoeksen mantsjes.
De langsnaffelwilster hat in soad fan 'e lytse bûnte wilster, mar hy is grutter en hat in langere en tsjokkere snaffel. Folwoeksen mantsjes yn it briedkleed fan 'e lytse bûnte wilster ha in effen swarte streek boppe de snaffelbasis, dy't oanslút op 'e swarte bân fan 'e foarholle. Boppedat is de giele eachring fan 'e lytse bûnte wilster folle dúdliker. De swarte boarstbân fan 'e lytse bûnte wilster is dêrnjonken yn 'e midden meastentiids breder, wylste de boarstbân fan 'e langsnaffelwilster oer de hiele lingte like breed is.
Fersprieding De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet yn Súd- en East-Aazje. De fûgel is frij seldsum yn it ferspriedingsgebiet en hy komt yn lytse oantallen foar. It briedgebiet bestiet oer it generaal út westlike, noardlike en sintrale dielen fan Sina, Japan, Noard-Koreä en Súd-Koreä.
Der is in soad briedaktiviteit meld oan 'e Boereja en oare dielen fan it fiere easten fan Ruslân, op it eilân Honshu yn Japan, yn Súdeast-Sina en yn it westen fan Arunachal Pradesh yn Yndia, tichteby de Himalaya.
Winterdeis trekke de langsnaffelwilsters nei it suden om te oerwinterjen yn East-Nepal, Noardeast-Yndia oant Yndosina, Súd-Sina, Súd-Koreä, de eilannen Honshu, Shikoku en Kyushu yn Japan, Taiwan, Birma, Maleizje en Tailân. Populaaasjes op 'e trije belangrykste eilannen fan Japan migrearje oer it generaal net nei it suden en binne stânfûgels. Allinnich de populaasje fan Hokkaido lûkt nei it suden om yn waarmere gebieten te oerwinterjen.
Status It is net bekend hoe't de populaasje him ûntwikkelet. Wetlands International (2025) tinkt dat de populaasje út likernôch 1.000 oant 10.000 fûgels bestiet, mar fermeld ek dat it rivierhabitat fan 'e soarte net goed ûndersocht is en der gjin resinte ynformaasje is om de grutte fan 'e populaaje te beoardieljen. Neffens de IUCN is der genôch data om de konklúzje te rjochtfeardigjen dat de fûgel yn guon gebieten heechút stadich ôfnimt of stabyl is. Op 'e Reade list fan 'e IUCN wurdt de soarte as net bedrige (Least Concern, 2025) klassifisearre.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Strânwilster Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam