De hoarnûle (Asio otus) is in relatyf grutte ûle, dy't foarkomt yn hiel Jeropa, mei útsûndering fan Yslân. De wittenskiplike namme fan 'e soarte waard as Strix otus yn 1758 publisearre troch Carl Linnaeus.
Beskriuiwng thumb|left|Fûgel yn Kanada. De hoarnûle wurdt 35 oant 37 sintimeter lang, hat in spanwiidte fan 84 oant 95 sintimeter en weaget 210 oant 330 gram en is goed werkenber as er wach is oan syn grutte earplûmen en syn oranjegiele eagen. Yn 'e rêst en as er him op gemak field lizze de earplûmen plat op 'e kop. Betizing mei de oehoe is mooglik, mar dy is in stik grutter.
It fearrekleed is gielbrún oant griisbrún mei donkere, swartbrune lingtestreken en fine dwersstreken. Dat patroan jout de fûgel in goede skutkleur. De ûnderkant is ljochter en gieleftich oant krêmkleurich mei opfallende donkere lingtestreken en ek fine dwersstreken. It boarst hat swiere fertikale streken dy't nei de búk ta finer wurde, It gesicht hat in opfallende ljocht okerkleurige oant oranjebrune gesichtswâle mei in donkere râne. De eagen binne helder oranje. De wjukken en de sturt binne brún mei donkere dwersbannen.
Fersprieding De hoarnûle komt foar yn boskeftige gebieten mei nullebeammen en iepen terreinen.
Der wurde fjouwer ûndersoarten ûnderskieden:
A. o. otus (Linnaeus, 1758): Jeropa, Aazje en noardlik Afrika. A. o. canariensis (Madarasz, 1901): de Kanaryske Eilannen. A. o. tuftsi (Godfrey, 1948): fan westlik Kanada oant noardlik Meksiko. A. o. wilsonianus (Lesson, 1830): fan it sudlike diel fan Sintraal- en Súdeast-Kanada oant de súdlike, sintrale en eastlike Feriene Steaten.
Fersprieding yn Nederlân De soarte briedt yn in grut tal soarten lânskippen, mar is net te finen yn grutte bosken, beamleaze gebieten en binnenstêden. Sûnt 1985 is de Nederlânske populaasje sterk tebekrûn. Eartiids wie de fûgel in normale briedfûgel yn 'e grutte bosken op 'e sângrûn, mar dêr ferdwûn de fûgel. Dat hat te meitsjen mei hauken, dy't op jonge hoarnûlen en âlde eksimplaren jeie. Meidat swarte krieën en eksters ôfnimme en de hoarnûle gebrûk makket fan harren nêsten, hat dy tebekgong ek ynfloed op 'e populaasje fan 'e hoarnûle. It oantal pearkes yn Nederlân wurdt op in pear tûzen rûsd. Winterdeis is de populaasje wat grutter.
Ekology Folwoeksen fûgels bliuwe it hiele jier by it briedplak yn 'e buert, mar jonge fûgels swalkje hûnderten kilometers fuort. Winterdeis wurdt de Nederlânske populaasje oanfolle mei hoarnûlen út Noard-Jeropa en Ruslân en meie se graach yn groepkes wêze. Yn 'e rêstplakken kinne groepen bytiden wol 100 hoarnûlen telle.
De hoarnûle is by 't tsjuster aktyf, wylst er him oerdeis meast yn 'e beammen skûlhâldt. Dit yn tsjinstelling ta de fjildûle, dy't ek wol oerdeis aktyf is. By 't winter siket er grien bliuwende beammen út, lykas as spjirren. De hoarnûle jaget fral op kjifdieren en ek wol op lytse fûgels.
It lechsel bestiet ornaris út fjouwer oant seis glânzgjend wite, relatyf rûne aaien en de fûgel begjint yn april oant maaie te brieden. De aaien komme nei sa'n 26 dagen út. Lykas by de measte ûlen begjint it wyfke fuort by it earst leine aai te brieden. It gefolch dêrfan is dat de jongen yn it nêst net like grut binne. De jongsten binne lytser en hawwe in lytsere kâns om út te fleanen as de âldsten.
Ofbylden
Status De wrâldpopulaasje is mei in rûzing út 2021 fan 2.200.000 oant 3.700.000 fûgels grut en ek it ferspriedingsgebiet is grut. Alhoewol't de hoarnûle troch predaasje fan in tanimmend tal rôffûgels ôfnimt, klassifisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern) op 'e Reade List. Op 'e Nederlânske Reade List is de status sûnt 2004 kwetsber.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Earûle Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Andorra Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Yslân Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Man Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Monako Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn San Marino Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia