Sluis (Siuwsk: Sluus) is in gemeente yn it súdwesten fan 'e provinsje Seelân, yn 'e lânstreek Siuwsk-Flaanderen. De gemeente waard op 1 jannewaris 2003 oprjochte troch gearfoeging fan 'e eardere gemeenten Oostburg en Sluis-Aardenburg.
De gemeente hat ynwenners en in oerflak fan 307,16 km² (wêrfan 27,49 km² wetter).
De gemeente is ferneamd nei it histoaryske stedsje Sluis, mar it gemeentehûs stiet yn Oostburg.
Plakken De gemeente Sluis bestiet út fyftjin plakken en in grut oantal buorskippen. De gemeente is ien fan'e tinst befolke Nederlânske gemeenten.
Plak Ynwennertal Aardenburg 2.465 Breskens 4.630 Cadzand 695 Eede 925 Groede 905 Hoofdplaat 755 IJzendijke 2.530 Nieuwvliet 405 Oostburg 4.705 Retranchement 275 Schoondijke 1.375 Sint Kruis 210 Sluis 2.395 Waterlandkerkje 490 Zuidzande 465
Kategory:Gemeente yn Seelân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2003