Tarzan is in Amerikaanske filmsearje oer it fiktive personaazje Tarzan, út 'e boeken fan 'e skriuwer Edgar Rice Burroughs. De films binne ûnderling inkeld ferbûn trochdat se deselde haadpersoan hawwe. Dêryn is dizze rige ferlykber mei bgl. de James Bond-filmsearje. De earste Tarzan-film kaam út yn 1918 en de lêste (anno 2022) yn 2016. Ferskate akteurs hawwe de rol fan Tarzan spile, ûnder wa Olympysk swimkampioen Johnny Weissmüller yn mar leafst tolve films. Krektsa is de rol fan Tarzan syn grutte leafde Jane Porter troch tal fan ferskillende aktrises fertolke, ûnder wa Maureen O'Sullivan, Bo Derek en Margot Robbie. Krekt as it personaazje dêr't se oer geane, wiene Tarzan-films by har premiêre oer it algemien tige populêr.
Oarsprong It personaazje Tarzan ferskynde foar it earst yn 'e roman Tarzan of the Apes, dy't yn 1912-1913 as fúljeton publisearre waard yn it pulpblêd The All-Story, en yn 1914 yn boekfoarm útkaam by de útjouwerij A.C. McClurg. De ierste Tarzan-films wiene stomme films, dy't fan 1918 ôf makke waarden as ferfilmings fan Tarzan of the Apes en de boeken dy't fuort dêrnei troch Edgar Rice Burroughs skreaun waarden.
Live action-films Stomme films (1918-1929) 1918 – Tarzan of the Apes 1918 – The Romance of Tarzan 1920 – The Revenge of Tarzan 1920 – The Son of Tarzan* 1921 – The Adventures of Tarzan* 1927 – Tarzan and the Golden Lion 1928 – Tarzan the Mighty* 1929 – Tarzan the Tiger* *) útbrocht as searjefilms
Dizze ierste Tarzan-films wiene stomme films út 'e perioade 1918-1929. Dêrby gie it om fjouwer langspylfilms en fjouwer films dy't as searjes fan koarte, yn 'e bioskoop fertoande ôfleverings útbrocht waarden. Foar it meastepart wiene dy basearre op 'e iere Tarzan-romans fan Burroughs, dy't se ornaris trou folgen. Sa wie de alderearste Tarzan-film, Tarzan of the Apes, in frij sekuere werjefte fan 'e roman mei deselde namme, hoewol mei beskate oanpassings dy't nedich wiene om't de akteurs net (hearber) prate koene.
It personaazje fan Tarzan waard yn dizze films spile troch ferskate akteurs, ûnder wa trije kear Elmo Lincoln en twa kear Frank Merrill. Yn it earste stik fan Tarzan of the Apes waard de jonge Tarzan spile troch Gordon Griffith, dy't sadwaande as de alderearste Tarzan-fertolker beskôge wurde kin (hoewol't Tarzan noch earder yn 'e film spile wurdt troch teminsten twa lytse bern, fan wa't de nammen op 'e begjintitels net fermeld wurde). Trije fan 'e stomme Tarzan-films (The Romance of Tarzan, The Revenge of Tarzan en Tarzan the Mighty) binne ferlern gien.
De lêste beide fan 'e stomme films waarden makke troch de filmstudio Universal Pictures. De earste lûdsfilm út 'e Tarzan-rige wie eins Tarzan the Tiger, dy't opnommen waard as stomme film mar foar de premiêre foar in diel neisyngronisearre waard. Yn Tarzan and the Golden Lion waard de titelrol spile troch James Pierce, dy't troch de film yn 'e kunde kaam mei Burroughs syn dochter Joan, mei wa't er troude. Yn dyselde film is de doe noch folslein ûnbekende Boris Karloff te sjen yn 'e rol fan in antagonistyske Afrikaanske haadman.
It Weissmüller-tiidrek Films mei Johnny Weissmüller (1932-1948)
1932 – Tarzan the Ape Man 1934 – Tarzan and His Mate 1936 – Tarzan Escapes 1939 – Tarzan Finds a Son! 1941 – Tarzan's Secret Treasure 1942 – Tarzan's New York Adventure 1943 – Tarzan Triumphs 1943 – Tarzan's Desert Mystery 1945 – Tarzan and the Amazons 1946 – Tarzan and the Leopard Woman 1947 – Tarzan and the Huntress 1948 – Tarzan and the Mermaids
Fuort nei de yntree fan 'e lûdsfilm waarden der Tarzan-films makke mei Johnny Weissmüller yn 'e titelrol, te begjinnen mei Tarzan the Ape Man út 1932. Weismüller wie de soan fan etnysk Dútske ymmigranten út Roemeenje. Doe't er de rol fan Tarzan oannaam, wied er yn 'e Feriene Steaten al ferneamd as swimmer, mei't er fiif gouden medaljes wûn hie op 'e Olympyske Spullen. Syn Tarzan-films wiene folle populêrder as de eardere stomme films, en hy waard de bekendste Tarzan-fertolker en ek dejinge dy't dy rol it faakst spile.
Tusken 1932 en 1948 waarden der nammentlik tolve films makke mei Weissmüller as Tarzan. De earste seis dêrfan wiene produksjes fan Metro-Goldwyn-Mayer (MGM), wêryn't Maureen O'Sullivan de rol fan Jane spile, de grutte leafde fan Tarzan. De tsjeppe O'Sullivan, dy't foar de mjitstêven fan dy tiid yn 'e films mar krap klaaid wie, spile ek net swak by wat de populariteit fan 'e films oangie. De lêste seis Weissmüller-films waarden makke troch RKO Pictures. Oars as Weissmüller keas O'Sullivan derfoar om net mei oer te gean nei de nije studio. Tarzan's New York Adventure, út 1942, wie sadwaande har lêste Tarzan-film. Neitiid ûntbriek Jane yn 'e earstfolgjende beide films. Doe't Jane yn Tarzan and the Amazons, út 1945, weromkearde yn in fertolking troch Brenda Joyce, wie de rol sterk yn wichtigens werombrocht.
Tarzan the Ape Man, út 1932, wie in tige frije filmadaptaasje fan 'e roman Tarzan of the Apes, wêrby't alles oerboard smiten waard dat earder yn 'e stomme films bard wie. Tsjintwurdich soe de film sadwaande karakterisearre wurde as in reboot fan 'e mediafranchise. Weissmüller syn Tarzan wie, yn tsjinstelling ta de wolsprekkende hear út 'e romans fan Burroughs, in wyldeman mei beheinde feardichheden op it mêd fan spraak en taal dy't sadwaande mar oer in behindinge wurdskat beskikte. De pidgineftige dialooch dy't dêrút fuortkaam, is it bekendst wurden troch syn útspraak, (by de earste moeting mei Jane), fan 'e wurden "Me Tarzan, you Jane" ("My Tarzan, do Jane"). Eins is dy útspraak lykwols apokryf en sil men der yn 'e films omdôch nei sykje.
Yn 'e romans wiene Tarzan en Jane dúdlik troud, mar yn 'e films mei Weissmüller waard harren wetlike status net útlein, ek al wennen se gear yn in beamhutte yn it oerwâld en bestie der fral yn 'e twadde film, Tarzan and His Mate, in sterke seksuele lading tusken harren. Om't it toanen noch de ymplikaasje fan seks bûten it houlik ûnder de fan 1934 ôf yn Hollywood jildende sensuer fan 'e Motion Picture Production Code tastien wie, waard harren soan, "Boy", fûn en oannommen ynstee fan berne. Boy, spile troch Johnny Sheffield, kaam foar yn acht op inoar folgjende dielen fan 'e rige, te begjinnen mei Tarzan Finds a Son!, út 1939, en einigjend mei Tarzan and the Huntress, út 1947.
Weissmüller syn joadeljende "Tarzan-gjalp" rekke sa mei it personaazje fan Tarzan ferklibbe, dat er yn lettere films soms neisyngronisearre waard oer de rop fan oare akteurs hinne. De Weismüller-films befetten ek in sjimpansee mei de namme Cheeta, dy't Tarzan syn freon en/of húsdier wie en foar in komyske noat soargje moast.
Komtemporêne Tarzan-films sûnder Weissmüller (1933-1938) 1933 – Tarzan the Fearless 1935 – The New Adventures of Tarzan 1938 – Tarzan and the Green Goddess 1938 – Tarzan's Revenge
Fanwegen yngewikkelde perikels oangeande de filmrjochten waarden der yn 'e Weissmüller-perioade ek in fjouwertal autorisearre Tarzan-films makke sûnder Weissmüller. De earste dêrfan wie Tarzan the Fearless, út 1933, mei in oare Olympyske swimmer, Buster Crabbe, yn 'e titelrol. Dat wie eins de earste Tarzan-film dy't produsearre waard troch Sol Lesser, dy't letter produsint fan 'e franchise wurde soe en mei Weissmüller gearwurkje soe doe't de filmrjochten yn 1943 oergiene nei RKO.
The New Adventures of Tarzan, út 1935, wie in searjefilm dy't weromgriep op it oarspronklike konsept fan Tarzan as in yntelliginte Ingelsman, spile troch Herman Brix, in Olympyske kûgelstjitter. De searje waard letter montearre ta twa films, de earste mei deselde namme as de searje sels, en de twadde, dy't yn 1938 útbrocht waard, mei as titel Tarzan and the Green Goddess. Datselde jiers kaam ek Tarzan's Revenge út, wer produsearre troch Lesser. De titelrol waard spile troch Glenn Morris, dy't op 'e Olympyske Spullen in gouden medalje behelle hie yn 'e tsienkamp. Swimster Eleanor Holm spile in pseudo-Jane-personaazje dat Eleanor Reed hiet.
Mei útsûndering fan The New Adventures of Tarzan en Tarzan and the Green Goddess, dy't foar in diel op lokaasje yn it oerwâld fan Gûatemala filme wiene, waarden alle Tarzan-films út 'e 1930-er en 1940-er jierren opnommen yn 'e studio yn Hollywood.
Films mei Lex Barker (1949-1953) 1949 – Tarzan's Magic Fountain 1950 – Tarzan and the Slave Girl 1951 – Tarzan's Peril 1952 – Tarzan's Savage Fury 1953 – Tarzan and the She-Devil
Nei Tarzan and the Mermaids, út 1948, loek Johnny Weissmüller him út 'e filmsearje werom, mei't er fûn dat er no te âld wie om noch de inkeld yn in muldoek klaaide Tarzan te spyljen. Neitiid hied er lykwols de haadrol yn in lange searje fan fierhinne soartgelikense oerwâldaventoerefilms as de yn in safarypak klaaide Jungle Jim.
Produsint Sol Lesser joech nei it opstappen fan Weissmüller yn 'e Feriene Steaten lieding oan in lanlike syktocht nei in ferfanger, wêrby't mear as 200 akteurs audysje diene. De nije Tarzan waard úteinlik fûn yn Lex Barker, in lange en opmerklik knappe man dy't yn New York yn in begoedige maatskiplik fermidden opgroeid wie. Hy spile neitiid fan 1949 oant en mei 1953 yn fiif Tarzan-films de haadrol, wêrby't er eltse kear in oare aktrise as tsjinspylster yn 'e rol fan Jane hie. De earste fan dat fiiftal wie Brenda Joyce, dy't earder yn fjouwer films mei Johnny Weissmüller spile hie. Foar har wie de earste film mei Barker, Tarzan's Magic Fountain, har lêste Tarzan-film.
De films mei Lex Barker waarden allegear makke troch RKO Pictures. It wiene foar it meastepart lowbudgetproduksjes, krekt as de films mei Weissmüller earder west hiene, al besocht de trêde, Tarzan's Peril, út 1951, de filmsearje wat te ferheffen troch de opnamen op lokaasje yn Afrika te dwaan en echte, pleatslike Afrikanen as castleden en figuranten yn te setten. Nettsjinsteande Barker syn aristokratysk oandwaande hâlding en it feit dat er, oars as Weissmüller, in echte akteur wie, dy't boppedat talint foar aktearjen hie, stie Sol Lesser derop dat er yn syn rol as Tarzan Weissmüller syn "Me Tarzan, you Jane"-karakterisearring fuortsette soe.
Films mei Gordon Scott (1955-1960) 1955 – Tarzan's Hidden Jungle 1957 – Tarzan and the Lost Safari 1958 – Tarzan and the Trappers 1958 – Tarzan's Fight for Life 1959 – Tarzan's Greatest Adventure 1960 – Tarzan the Magnificent
Nei't Lex Barker yn 1953 besletten hie dat er syn nocht hie fan Tarzan, waard Gordon Scott oanlutsen as nije fertolker fan 'e oerwâldheld. Hy wie in bodybuilder dy't 'ûntdutsen' waard troch Sol Lesser doe't er badmaster wie yn in hotel yn Las Vegas. Hy makke yn totaal seis Tarzan-films: de earste foar RKO Pictures, doe trije foar Metro-Goldwyn-Mayer (MGM) en dêrnei noch twa foar Paramount Pictures. De twadde, Tarzan and the Lost Safari, wie de earste kleurefilm fan 'e Tarzan-rige.
De earste beide films en de fjirde film mei Scott waarden produsearre troch Sol Lesser en folgen itselde stramyn as de films mei Weissmüller en Barker. De trêde, Tarzan and the Trappers, waard ek produsearre troch Lesser, mar wykte ynsafier ôf dat it eins in pilotôflevering wie foar in nea makke tillefyzjesearje, dy't neitiid omwurke waard ta in tillefyzjefilm.
Yn 1959 waard de searje oernommen troch produsint Sy Weintraub, dy't ferantwurdlik wie foar de lêste beide films mei Scott. Hy woe it personaazje fan Tarzan tichter by de oarspronklike held út 'e boeken fan Burroughs bringe. Dat resultearre yn twa fan 'e bêst ûntfongen Tarzan-films aller tiden: Tarzan's Greatest Adventure, út 1959, en Tarzan the Magnificent, út 1960. Yn beide films ûntbriek lykwols it personaazje fan Jane Porter.
Kontemporêne remake sûnder Scott 1959 – Tarzan, the Ape Man
Yn deselde snuorje makke MGM ûnder de titel Tarzan, the Ape Man in remake fan 'e earste film mei Weissmüller. De rol fan Tarzan waard spile troch Denny Miller, en dy fan Jane troch Joanna Barnes. De film waard kreake troch de filmkritisy.
Films mei Jock Mahoney (1962-1963) 1962 – Tarzan Goes to India 1963 – Tarzan's Three Challenges
