Ringfeartakwadukt offisjeel Aquaduct Ringvaart Haarlemmermeer is in akwadukt op de grins fan de provinsjes Noard-Hollân en Súd-Hollân, dat de Ringfeart fan de Haarlimmermarpolder oer de Rykswei 4 liedt by Roelofarendsveen en Weteringbrug. It waard yn 1961 iepene en wie dêrmei it earste moderne akwadukt yn Nederlân.

Eastlik fan it earste akwadukt is foar in nije rydbaan ûnderdiel fan de ferbreding fan de A4, in nij akwadukt boud. Yn 2010 waard de eastlike rydbaan iepene foar it ferkear. Dy is bedoeld foar ferkear rjochting Noard-Hollân wylst it oarspronklike akwadukt allinnich noch brûkt wurdt foar ferkear nei Súd-Hollân.

Kategory:Bouwurk út 1958 Kategory:Bouwurk út 2010 Kategory:Akwadukt yn Nederlân Kategory:Bouwurk yn Noard-Hollân Kategory:Bouwurk yn Súd-Hollân