De swartkopwilster (Thinornis cucullatus) is in fûgel út 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae). De fûgel komt allinnnich foar yn Austraalje en waard yn 1818 troch Louis Pierre Vieillot beskreaun.

Ferskining Swartkopwilsters binne 19 oant 23 sintimeter lang, krekt wat langer as de Europeeske bûnte wilster. De fûgel hat relatyf koarte poaten. De kop is swart mei efter yn 'e nekke in wite bân. Opfallend is de reade eachring. Boppe is de fûgel ek swart mei in ûnderbrutsten tsjustere bân rjochting it boarst. It swart op 'e rêch giet stadichoan oer yn griis. It boarst en de búk binne wyt. De snaffel is oranjeread mei in swarte punt en de poaten binne oranjerôze. Tusken mantsjes en wyfkes binne gjin ferskillen. Juvenilen binne te ûnderskieden mei't dy gjin swart op 'e op en efter de nekke ha.

Fersprieding De soarte is endemysk yn súdlik Austraalje. Syn habitat bestiet út swietwettermarren, swietwettersompen en sâlte kustlagunes. It measte is er te sjen op sânstrannen mei grienwier. Yn West-Austraalje is de fûgel ek sjoen by ynlânske sâltmarren. It is in net-migrearjende bewenner fan kust- en subkustgebieten fan West-Austraalje, Súd-Austraalje, Nij-Súd-Wales, Fiktoaria en Tasmaanje en is in swalker yn Queenslân.

Hâlden en dragen De fûgel leit 1 oant 3 aaien fan augustus oant maart. Dy tiid falt tegearre mei it Australyske simmerseizoen en dan wurdt syn ferspriedingsgebiet swier beynfloede troch aktiviteiten fan minsken. It nêst is in ûndjip kûltsje yn it sân, beklaaid mei wat kiezelstientsjes en grienwier. Mantsjes en wyfkes besteegje likefolle tiid oan it útbrieden fan 'e aaien.

De eastlike populaasje yt in ferskaat oan wringeleaze dierkes, mar der is net in soad bekend oer it iten fan 'e westlike populaasje. Se wurde meastentiids yn pearkes of lytse groepkes by it wetter sjoen.

Status De fûgel hat njonken predaasje fan sulverkopmiuwen, krieën en yntrodusearre foksen te lijen fan rekreanten en fersteuring fan minken mei losrinnende hûnen, hynders of katten, sadat it briedsukses leech bliuwt. Ek omstrunend fee soarget foar problemen. Dêrfandinne stiet de soarte as gefoelich (Near Threatened, 2025) op 'e Reade list fan 'e IUCN. Neffens in opjefte fan BirdLife soe de populaasje út 5.350 oant 5.500 folwoeksen fûgels bestean, oannommen wurdt dat de oantallen noch tebekrinne.

200x200px 200x200px 200x200px Aaien Briedende fûgel Yn 'e flecht

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Strânwilster Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje Kategory:Lânseigen fauna yn de Súdlike Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Yndyske Oseaan